Partij GB-TL docht ûndersyk nei misstannen hotel Snits

27 des 2017 - 13:40

De partij GemeenteBelangen-Totaal Lokaal (GB-TL) yn de gemeente Súdwest-Fryslân komt mei in eigen ûndersyk nei misstannen by it Van der Valk Hotel Snits. Se roppe skjinmakkers op in formulier yn te foljen oer harren ûnderfiningen by it hotel.

CNV Vakmensen kaam earder mei in meldpunt foar skjinmakkers by Van der Valk. Op ferskate plakken, wêrûnder Snits, soene de saken net op oarder wêze. Der soe rommele wurde mei oerebriefkes, wêrtroch't meiwurkers minder betelle krije. Dêrneist soene de skjinmakkers de keamer betelle wurde en net de oere, sa't yn de cao fêstlein is. Skjinmakkers krije boppedat temin tiid om in keamer skjin te meitsjen en yn guon gefallen is sprake fan yntimidaasje troch liedingjaanden.

GB-TL fynt dat it fakbûn gjin goed wurk leveret. It soe wurkje op basis fan geroften. Bestjoerder Jan Kampherbeek fan CNV Vakmensen bestridet dat. Der binne wol deeglik klachten fan meiwurkers, sa seit er. Hy noeget GB-TL út kontakt mei him op te nimmen.

(advertinsje)
(advertinsje)