Sherida Spitse foar twa jier nei Vålerenga út Noarwegen

27 des 2017 - 12:19

Sherida Spitse ferlit FC Twente en keart werom nei Noarwegen. De fuotbalster út Snits tekenet foar twa jier by Vålerenga, dat spilet op it heechste nivo yn Noarwegen. Earder spile Spitse ek al yn dat lân, by Lillestrøm.

Spitse kearde werom nei Nederlân mei it each op it Europeesk kampioenskip en de berte fan har soan. "De plannen en werkwijze van de trainster spreken mij heel erg aan dus ik ben blij om hier een nieuwe stap in mijn carrière te kunnen zetten", fertelt Spitse. "Dit is voor ons het ideale plaatje. Ik maak keuzes op gevoel en dat was goed. Ik had altijd nog een wens om naar het buitenland te gaan en mijn vriendin kan weer bij haar oude werkgever aan het werk", sa seit Spitse.

Se fynt it lestich om yn te skatten hoe goed har nije klup is, om't de seleksje flink fernijd wurdt. "Vorig jaar wonnen ze voor de beker van LSK, mijn vorige club, maar zij wonnen in de competitie twee keer. Dus ik vind het lastig om daar iets van te zeggen."

No kin Spitse earst efkes genietsje fan har winterstop. Yn Noarwegen set it seizoen pas yn maart wer útein, dus se hat noch wol efkes tiid om te ferhúzjen. "Ik weet nog niet wanneer we die kant op gaan. Dat moet ik nog even met de coach overleggen."

(advertinsje)
(advertinsje)