Definityf gjin nije supermerk oan Foarstrjitte yn Frjentsjer

27 des 2017 - 11:56

Der komt definityf gjin supermerkbestimming foar it gebou oan de Foarstrjitte yn Frjentsjer, dêr't earder in filiaal fan de Lidl yn siet. De ferhierders fan it gebou, Roeland en Alie van der Pol, hiene in rjochtsaak oanspand tsjin de gemeente Frjentsjerteradiel, mar krije no fan de Ried fan Steat gjin gelyk.

Neffens de gemeente leit it gebou net yn it gebiet dat oanwiisd is foar supermerken. Omdat winkels, hoareka, in galery of in lytse buertsuper wol tastien binne, is der neffens de Ried gjin reden foar in skeafergoeding foar de ferhierders. It eardere Lidl-gebou stiet sûnt 2014 leech.

(advertinsje)
(advertinsje)