Easterwâlde giet yn 2018 fan trije nei twa jildautomaten

27 des 2017 - 11:39

De jildautomaat fan ABN Amro oan de Quadoelenwei yn Easterwâlde ferdwynt mei yngong fan 16 jannewaris. Ynwenners fan Easterwâlde dy't om de hoeke jild pinne wolle, kinne nei dy datum telâne by de twa oare automaten yn it doarp. Wa't by de ABN Amro pinne wol, moat tenei nei de Haadstrjitte op De Gordyk.

Neffens ABN Amro wurde jildautomaten minder brûkt omdat der hieltyd minder faak jild pind wurdt. Betelje mei de pinpas, mobile telefoan en fia ynternet nimt wol ta. De banken ABN Amro, ING en Rabobank hawwe om dy reden in oerienkomst tekene mei Geldservice Nederland om alle pinautomaten by dizze organisaasje ûnder te bringen. Dat moat liede ta in bettere sprieding fan jildautomaten.

(advertinsje)
(advertinsje)