Ljouwerter oppakt nei mishanneling yn saak oan Ruterskertier

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdeitemoarn in 22-jierrige fjochtersbaas út Ljouwert oanholden. De man hie yn in hoarekagelegenheid oan it Ruterskertier in man mishannele. It slachtoffer fan de mishanneling die oanjefte, wêrnei't de plysje de fertochte oppakte. De man hie drank op en krige in hoarekaferbod foar in jier oplein.