Kollum: "Sprekkers"

Kollum Eelke Lok

"Wêrom ha lju, dy't yn dy net te fertalen kategory 'hoogwaardigheidsbekleder' falle, de yntinsje om tidens de krystdagen it legere folk ta te sprekken? Ik sil it jim útlizze, it komt fan de paus. Dy hat in pear iuwen lyn sein dat er graach efkes op it Sint Piterplein stean woe mei de Roomske feestdagen, oars kaam hy noait mear bûten. Eartiids eamele hy inkeld 'urbi et orbi', mar no skôget hy alle ferkearde saken yn de hiele wrâld. It wurdt dêrtroch elk jier wol wat langer. Want der bart in soad nuvers yn de wrâld. Dan hie hy it noch net iens oer swarte pyt of #metoo, mar oer dat de bern slachtoffer binne fan de ferskrikkingen dy't guon lju fan it minskdom op elkoar loslitte. Mar net ien reagearre. Takom jier praat de paus dus noch wer wat langer.

Der bin ek in soad lju dy't de krysttaspraak fan de kening graach hearre wolle. Ja, oerbeppe Willemke die soks al yn 1914. Doe liet se wat úttype en dat koenen je dan keapje foar 2,5 sint yn de boekhannel. Der stie noait yn dy taspraak dat der minsken wienen dy't dat net betelje koenen, mar dat hoegde ek net, want dy liezen it ek net. Yn 1931 kaam se foar it earst dêrmei op radio. Tink foar it oare net dat de Oranjes progressyf wiene wat dat oanbelanget. Yn 1957 wie Elisabeth fan Ingelân al foar telefyzje en Beatrix die soks pas yn 2000. Har soan hat soks fansels oernaam. Hy ferbea foar de safolste kear selfies: we moatte, sei hy, net op syk nei in wat tsjokkere ik, mar nei in gruttere wy. Mienskipssin. We komme elkoar net mear tsjin yn tsjerke en kroech, en rinne op skoalle en kantoar elkoar ek foarby. Presys, mei de mobile telefoan yn de hân. Doe tocht ik dat hy sizze soe, dat we op sa'n ding dan mar wer nije mienskipssin oproppe moatte, mar dat ha se net útstjoerd.

Dêrom wie it skitterjend dat wy dit jier hjir yn Fryslân in kommissaris fan him krigen ha, dy't ynienen ek in krystferhaaltsje fertelle woe. En Arno Brok sloech dêrby yn ien kear Omrop Fryslân oer. Hy preuvele op myn telefoan, fia sosjale media. Dat wol sizze: je seagen earst inkeld in krystbeam yn de, en dat fertel ik mar efkes, want dat witte de measte Friezen net, de provinsjale steateseal. Dêr stiet noch gjin Fryske flagge yn, mar dat wurdt takom jier better regele. Brok kaam it byld ynrinnen en winske ús noflike krystdagen. Soks hat in Fryske kommissaris noch nea dien. Yn it Frysk ek noch. It waard wol Hollânsk ûndertitele, sadat je witte dat hy it net elke kear die, as je je telefoan yndrukten. Brok seach ek noch foarút en spruts alfêst syn nijjierstaspraak fan 5 jannewaris út. Wy Friezen gean nammentlik in wichtich jier temjitte. Kulturele Haadstêd fan Europa. Hy lake der net iens by doe't hy dat sei. It kin dus net oars: dat predikaat, of sa't je wolle aureoal, Kulturele Haadstêd drukt as in swiere lêst op syn skouders.

Syn taspraak duorre mar in minútsje. Folle koarter as de paus en de kening. En ek folle koarter as oare hotetemoten, dy't meastal lang wurk ha om neat te sizzen. Syn boadskip wie wol keihurd. De paus wol dat Israël en Palestina frede slute, en dat Myanmar net alle Rohingya fermoardet. De kening wol dat wy elkoar aloan op de skouders slaan en freegje fan wa ast ien bist en wêr ast weikomst. Mar dat falt folslein, mar dan ek folslein, yn it neat by dat Brok tsjin ús seit dat we de plicht ha om in moai bysûnder jier fan 2018 te meitsjen. Dat wy de wrâld sjen litte moatte dat we in treflik folk binne yn dat paradys fan dy frjemde taal, in troch de boeren fernield lânskip en dy neffens de kening net besteande mienskip.

Dat sil we dwaan, Arno. It komt wol goed, jonge. Yn Ljouwert en Drachten ha de plysjes yn it krystwykein al tsientallen op elkoar ynhouwende minsken oppakt. Aldjiersjûn moat fan 'e wike noch komme, mar Fryslân is alhiel klear foar it grutte feest fan 2018."

27 des 2017 - 9:22
(advertinsje)