Rjochter docht útspraak yn saak fan moard op Fryske skaker

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
It gerjochtshôf fan Ljouwert docht woansdei útspraak yn de saak fan de moard op Michael de Vrieze, de Fryske skaker út Boerum. De Vrieze ferdwûn yn 2010. Syn lichem waard nea fûn. It Iepenbier Ministearje easke fjirtjin dagen lyn in finzenisstraf fan tolve jier tsjin de fertochte, foar deaslach.