Man út Ljouwert negeart hoarekaferbod, plysje pakt him op

27 des 2017 - 06:24

De plysje yn Ljouwert hat tiisdeitenacht in 22-jierrige man út de stêd oanholden, nei't de man it hoarekaferbod dat him oplein wie oertrêden hie. Nettsjinsteande dat ferbod gie de man nei in hoarekasaak oan it Ruterskertier. De ûndernimmer fan de saak skille de plysje, dy't dêrnei de Ljouwerter oppakte. It ferbod is mei in jier ferlinge.

Trefwurden: 
plysje hoarekaferbod
(advertinsje)
(advertinsje)