Protte iters by fergees krystdiner yn tsjerke Frjentsjer

26 des 2017 - 21:45

Sa'n tachtich iters skoden op twadde krystdei oan by it fergese krystbuffet yn tsjerklik gebou De Voorhof yn Frjentsjer. Dat krystdiner waard foar de tolfde kear organisearre troch de Kristlik Grifformearde Frijmakke tsjerke en is foaral bedoeld foar minsken dy't oars allinnich binne. Der komme elts jier mear minsken op it diner ôf. De tsjerklike gemeente pakte dêrom de organisaasje oars oan. By eardere edysjes waard it diner noch fersoarge troch gemeenteleden, mar diskear bestie it haadgerjocht út in Sineesk buffet. It diner waard fierder mooglik makke troch de ynset fan tsientallen frijwilligers en ferskate sponsors.

"Mei-inoar ite ferbynt"

De tsjerklike gemeente is fan doel om de tradysje troch te setten. Dûmny Mark Veurink fynt dat syn tsjerke ek fan betsjutting wêze moat foar minsken dy't net by de tsjerklike gemeente hearre. "Mei-inoar ite ferbynt, je krije de moaiste petearen mei minsken dy't je noch noait earder sjoen ha." Dingeman van Wijnen fan Frjentsjer is ien fan de inisjatyfnimmers fan it krystdiner. "Wy wolle der wêze foar minsken dy't oars wolris fergetten wurde en harren it gefoel jaan dat se der ta dogge."

De gasten fan tiisdeitejûn kamen net allinnich út Frjentsjer sels, mar ek út omlizzende doarpen. Minsken sûnder eigen ferfier waarden troch gemeenteleden ophelle en ek wer thúsbrocht. Njonken it diner wie der ek krystmuzyk en in krystferhaal.

(advertinsje)
(advertinsje)