37.570 stimmen op de Fryske Top 100, wa sil der winne?

Op de finale stimdei kinst belje mei bekende Friezen © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
37.570 stimmen binne der yn totaal binnenkaam op de Fryske Top 100. Dat is mear as foarich jier, doe't der 35.000 stimmen útbrocht binne.
Op de redaksje fan Omrop Fryslân siet twadde krystdei in spesjaal belteam fan bekende Friezen. Yn it team sieten ûnder oare Hilda Talsma, Jelle B, Folkert Wesseling, Piet Paulusma, Aafke Zuidersma, Botte Jellema, Gjalt de Jong en Afke Boven. Eins koe der oant 17.00 oere stimd wurde, mar fanwegen it grutte tal bellers, waard minsken oant 17.30 de mooglikheid jûn om harren favorite Fryske nûmers troch te beljen.
De Fryske Top 100 is op sneon 31 desimber fan 13.00 oant 24.00 oere ôf live te hearren op Omrop Fryslân Radio. Krekt foar de jierwiksel wurdt de nûmer ien bekend makke.