Vegan streaker slacht opnij ta yn Meksiko

26 des 2017 - 18:54

Diere-aktivist Peter Janssen út Stiens hat op twadde krystdei foar de twadde kear in bollefjochtwedstriid yn it Meksikaanske Querétaro fersteurd. Tegearre mei in maat fan de Vegan Strike Group stode er de arena yn. Begjin dit jier fersteurde Janssen ek al bollefjochterijen yn Meksiko.

Foar 'vegan streaker' Janssen wie it de fyfde kear dit jier dat  in evenemint fersteurde.  Yn de simmer rjochtet Janssen him op bisten yn de ferdivedaasjesektor, lykas dolfinen, bollen en hynders. Winterdeis giet er nei Súd- en Midden-Amearika om "it leed dat de bollen en de hynders yn de arena's ûndergean moatte oan de kaak te stellen."

(advertinsje)
(advertinsje)