Noch ien kear krystlieten sjonge mei Hindrik van der Meer

26 des 2017 - 20:15

De sing-in's fan Hindrik van der Meer belibben foar ien kear in come-back. Foar in soad Friezen wie it meisjongen jierrenlang in tradysje op twadde krystdei. Yn 1972 nûge Van der Meer foar it earst muzikanten en sjongers út om nei ien middei repetearjen in krystkonsert te jaan. Letter wie er by tal fan muzikale projekten belutsen, lykas it legindaryske Jozef Masterdreamer en in pear jier lyn noch de suksesfolle musical Ruth.

Van der Meer is no aktyf by Nij Kleaster yn Jorwert, wol mei syn grutte argyf oan 'e slach en him ek mear talizze op pianospyljen. Mei syn ferneamde Kwartettekoar woe er lykwols noch ien moai slotakkoard delsette. Dat waard op twadde krystdei in ienmalige come-back fan de sing-in yn de Martinitsjerke fan Easterein.

(advertinsje)
(advertinsje)