Bob de Vries: Goed gefoel, mar dit hie ik net tocht

26 des 2017 - 17:54

"Ik had wel het goede gevoel, maar dit had ik ook niet gedacht." Dat seit Bob de Vries nei syn oerwinning op de fiif kilometer op it Olympysk kwalifikaasje toernoai op It Hearrenfean. Hy wûn fan Sven Kramer en pleatste him foar de Olympyske Spelen. "Ik had steeds het idee dat ik voor een derde plaats kon gaan rijden met nog vier of vijf anderen. Al wist ik dat ik goed was."

Bob kaam al yn de sânde rit yn aksje en seach dat de toppers nei him kamen. "Ik zag iedereen stuk gaan op 6.20. Toen ik 6.15 reed, had ik wel het idee dat een derde plek er wel in zat. Vaak ga je er van uit dat Bergsma en Kramer eronderdoor gaan. Jorrit rijdt vaak op de beslissende momenten toch weer hard. Dan staat ie er, maar nu is het andersom."

Bob is feehâlder yn De Haule en hat fyftich kij. "Maar ik heb vanochtend even niet gemolken. Sowieso de laatste tijd een paar keer overgeslagen. Kost me we wat uren personeel." Bob seach dat syn ploechgenoat Jorrit Bergsma fan it team Clafis fjirde waard en him net pleatste. "Ik heb hem nog niet gesproken, maar voor Jorrit is dit wel een flinke domper." De maraton fan sneon yn Breda ried Bergsma wol, mar Bob net: "Dat is wat technisch, maar die heb ik bewust overgeslagen. Marathon is toch harder werken en op de 5000 meter merk ik dat ik nu mijn slag te pakken heb."

(advertinsje)
(advertinsje)