Krystkaloryen ferbaarne op twadde krystdei

26 des 2017 - 16:58

Twadde krystdei is fan âldsher de dei fan de krystkuiers. Ek yn Fryslân giene minsken der manmachtich op út. Yn Sint-Nyk koene minsken in kuiertocht dwaan yn de omkriten fan it doarp.  Minsken koene sa it iten fertraapje of fan de natuer genietsje. Underweis wiene der boppedat muzikale bydragen en oare kulturele uteringen te sjen. En fansels koe de tsjerke besichtige wurde. Hûnderten minsken diene de kuierskuon oan en giene op 'en paad.

Trefwurden: 
krystkuier
(advertinsje)
(advertinsje)