Bob de Vries ferrast, Sven Kramer ferslein, Bergsma falt ôf

26 des 2017 - 16:48

Bob de Vries is de grutte ferrassing wurden op de 5000 meter fan it OKT yn Thialf. De reedrider fan De Haule ried yn rit sân nei de winnende tiid fan 6.15.06. Sven Kramer biet him yn de rit dêrnei krekt stikken op dy tiid, hy waard twadde yn 6.15.79. Jan Blokhuijsen waard tredde yn 6.18.01 en Jorrit Bergsma teloarstellend fjirde yn 6.20.04.

De 33-jierrige Bob de Vries makket troch de winst syn debút op de 5000 meter by de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä. Kramer hat yn Gangneung kâns om syn tredde gouden medalje op 'syn ôfstân' te heljen.

Foar Jan Blokhuijsen, sulver yn Sotsji, is it ôfwachtsjen. Jorrit Bergsma, brûns fjouwer jier lyn, moat him folslein rjochtsje op de 10 km.

(Advertinsje)
(Advertinsje)