Sanne te stoel en te bank yn lotterijhûs VV Ouwesyl

26 des 2017 - 16:43

Sanne Verhoef, de winnares fan it hûs yn de ferlotting fan fuotbalclub VV Ouwesyl fan ôfrûne novimber, bliuwt yn Fryslân. Har hûs yn Arnhem stiet te keap. It hûs fielt goed, bûtendoar en op strjitte fielt it ek goed, sei se. "Hoefolle mear moatst noch meimeitsje om it beslút te nimmen te bliuwen?"

In baan hat de 48-jierrige Sanne noch net. Dat is ien fan har oandachtspunten foar it kommende jier. Yn de rin fan de jierren hat se in soad ferskate dingen by de ein hân. "Net al te lang ferlyn haw ik in oplieding ta fitaliteitscoach mei súkses ôfsluten". Fierders hat se jierrenlang ûnderfining as kommunikaasjemeiwurker en tekstskriuwer, "Ik bin ien fan de mouwen opstrûpe en oanpakke. It moat wol hiel raar rinne as ik hjir gjin wurk fyn."

De ûntfangst yn Aldebiltsyl wie oerweldigjend en waarm. Dat goede gefoel is bleaun en hat har bot rekke. Har takomst leit yn Fryslân en dêr hat se nocht oan. "It stiet hjir fol mei kaartsjes en blomstikken dy't ik krigen haw fan minsken út de buert. Dat hiene se net hoege te dwaan. Ik gean geweldich it jier 2017 út en it jier 2018 yn. Ik soe sizze: Kom mar op. It giet oan."

Trefwurden: 
Sanne Verhoef VV Ouwesyl
(Advertinsje)
(Advertinsje)