It jier fan tennisser Sander Arends

De krystdagen binne yn folle gong en de jierwiksel stiet wer foar de doar. Der is yn 2017 in soad bard rûnom yn de provinsje. Foar Omrop Fryslân reden om mei de krysttiid werom te sjen op it ôfrûne jier. Tiisdei dogge wy dat ûnder mear mei Sander Arends.
It wie in jier mei 'ups and downs' foar de Ljouwerter tennisser Sander Arends. Oan it begjin seach it der net goed út. Hy wie blessearre en it duorre langer as tocht foardat er wer better wie. Mar doe kaam it... Hy pleatste him foar Wimbledon, wûn sa'n soad toernoaien dat er no op plak 99 op de wrâldranglist stiet. Syn doel foar 2018 is yn de top 70 komme sadat er him automatysk pleatst foar grutte toernoaien lykas Roland Garros en Wimbledon.