Enkête: Measte Friezen wolle frijsteand hûs keapje

27 des 2017 - 06:00

De measte Friezen dy't in hûs keapje wolle, sykje in frijsteand hûs. Dat is ien fan de útkomsten fan de enkête Wenjen fan Omrop Fryslân yn gearwurking mei de NOS. De fragen gean oer hieren en wenjen yn Fryslân. De measte minsken binne yn Fryslân in skoft op syk nei in nij keaphûs. Der binne net folle besichtigingen en de minsken pleatse net faak in bod. Dat komt ûnder oare trochdat de priisklasse fan de huzen net goed oerienkomt mei it budzjet.

"It wie dreech om ús hûs hjir yn in doarp te ferkeapjen. Der binne hast gjin foarsjenningen. Alle besichtigingen hawwe net laat ta in bod. Minsken sykje komplete, ynstapkleare wenten. Se nimme gjin genoegen mei ymperfeksje", is ien fan de reaksjes. In oar skriuwt dat yn Harns in pear jier ferlyn in ôffaloven boud is, wêrtroch't se "fergifige wurde" en harren hûs ûnferkeap wurden is.  

Te min hierhuzen

"Yn ús doarp en dêromhinne binne mar in pear huzen beskikber foar de ferhier. De prizen binne heech en dêrtroch binne se suver net te beteljen foar starters. Starters mei in jierkontrakt kinne dreech in wente fine op de huzemerk. Se fertsjinje te min foar in hypoteek en stean op in wachtlist foardat se yn de beneaming komme foar in sosjale hierwente dy't yn ferhâlding yn de moanne folle djoerder is as in hypoteek. Der binne fierste folle hierwenten ferkocht", sa omskriuwt in respondent syn ûnderfiningen.

Der is ek ien dy't de makeler net mist hat: "Ik seach alle dagen op Funda, mar fûn it perfekte hierhûs gewoan troch in tip. Wy hawwe út hûs ferkocht fia Facebook. Yn fiif dagen wie it ferkocht. Ik haw de makelder net mist."

Omrop Fryslân hâldt wol faker enkêtes yn gearwurking mei de NOS. 

Trefwurden: 
hûs keapje enkête
(advertinsje)
(advertinsje)