Jorien ter Mors en Marrit Leenstra wis fan Spelen Súd-Koreä

26 des 2017 - 14:42

Marrit Leenstra kin har opmeitsje foar de Olympyske reis nei Súd-Koreä yn febrewaris 2018. Op de 1000 meter fan it Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Thialf waard Marrit twadde yn 1.16.03. De winst wie foar Jorien ter Mors, de regearjend Nederlânsk kampioen op dizze ôfstân, yn 1.15.38. Ireen Wüst waard tredde yn 1.16.29. Wüst sit foarearst yn de wachtkeamer foar Súd-Koreä. De útslach fan de top trije op it OKT is krekt gelyk as op it NK ôfstannen yn oktober.

Letitia de Jong waard fjirde, Lotte van Beek fiifde, Anice Das sechsde en Sanne van der Schaar sânde.

(advertinsje)
(advertinsje)