Kollum: "Wês freonlik, dêr wurdt de hiele wrâld better fan"

"Ik zit hier heel alleen kerstfeest te vieren. De straf die ik verdiend heb, zit ik uit." Dat song André Hazes hiel lang lyn. Datselde gefoel haw ik no in bytsje. Net dat fan de straf dy't ik fertsjinne haw, wol it allinne wêzen. Neffens my lizze jimme allegearre noch op bêd, te bekommen fan de kopieuze iterij en krekt dat iene glês te folle fan juster. Hawar, net allegearre. Húshâldingen mei lytse bern binne fansels al op 'e lappen, krekt as dyjingen dy't harren klearmeitsje om nei tsjerke ta. Lykwols sille beide kampen de radio net oan hawwe, en dus sit ik hjir allinne.
Tagelyk is it sa dat it foar my net ûngewoan is. Ast skriuwst, bist by definysje allinne. Sels as der oaren by binne. Allinne wêze is in betingst ast in boek skriuwe wolst, in ferhaal of in skript. Sok allinne wêzen hat gjin negative betsjutting: it is in needsaak om ta wat te kommen. Dêrom fyn ik persoanlik de presintaasje fan dien wurk ek altyd machtich en weardefol. It is it ôfsluten fan in skoft fan relative ôfsûndering. Dat moat fierd wurde mei in moaie groep minsken.
Yn dizze perioade fan it jier giet it gauris oer iensumens. Krekt as it Ingelsk hat it Frysk dêr twa wurden foar: iensumens en ienlikens. Yn it Ingelsk binne dat loneliness en solitude. Yn beide gefallen is der in substansjeel ferskil tusken dy begripen. Iensumens betsjut 'jin allinne fiele, bûtensletten, gjin kontakt meitsje kinne', en ienlikens 'it leafst allinne wêzend, it selskip net sykjend'. Soest stelle kinne dat iensumens en loneliness negatyf binne, en ienlikens en solitude posityf. Want dat lêste betsjut ek allinne wêze om ta rêst te kommen. Dat is watst sikest, ast skriuwe wolst. Of ast allinne de natuer yn giest om dysels op te laden.
Foaral yn dizze tiid fan 't jier kinst troch beide foarmen fan allinne wêzen oerfallen wurde. De klam leit lykwols op iensumens. En hoewol't it measte omtinken nei âlderen giet, is der bygelyks ek in protte iensumens yn relaasjes. Of ûnder jongfolwoeksenen, want dy fiele harren faker iensum as minsken fan boppe de 55, neffens de Britske organisaasje Nationwide Building Society. Mei oare wurden: it is in grut probleem yn ús hjoeddeiske maatskippij. De fraach is: wat kinne wy dêroan dwaan?
De Ingelse Olivia Laing hat dêr in boek oer skreaun mei de titel The Lonely City. Nei oanlieding fan in eigen ûnderfining brûkt Laing de stêd as in metafoar. "Iensumens is as in grutte, ûnoersichtlike stêd", skriuwt se, "mei prachtige plakken dêr'tst ta rêst komme kinst, mei tsjustere, kâlde, ellindige stegen dêr't it libbensgefaarlik is, mar ek mei plakken dêr'tst treast fynst. Dêr't minsken dingen foar dy efterlitte: keunstwurken, boeken en ferhalen dy't dy helpe kinne om dyn part fan de stêd yn kaart te bringen." It wichtichste, jout se oan, is freonlikens. Ast iensum bist, moatst yn 't foarste plak freonskip mei dysels slute. En foar minsken dy't iensumens by in oar werkenne, is freonlikens de hâlding om dy ôfstân te oerbrêgjen. Sa ienfâldich kin it wêze. Wês freonlik. Dêr wurdt de hiele wrâld better fan."