Zeinstra yn Champions League

© Omrop Fryslân
Erwin Zeinstra fan Dronryp is troch de UEFA oanwiisd as assistint skiedsrjochter by it duel fan takom woansdei tusken Bayern München - Napoli. It is foar de twadde kear dat Zeinstra assistint is by in wedstriid yn de Champions League. Fjouwer wiken lyn wie de Dronrypster assistint by Trabzonspor - Lille.
Skiedsrjochter Björn Kuipers is oansteld om de wedstriid tusken Bayern München en Napoli yn goeie banen te lieden.