Boer yn Aldeboarn wachtet op nije stroomoansluting nei brân

26 des 2017 - 12:48

"Dit is net bêst. Der sit noch fee yn. Ik bin mei knikkende knibbels nei hûs ta riden", seit boer Catharinus Veninga oer it momint dat ta him trochdrong dat syn pleats yn de brân stie. Syn wenbuorkerij oan de Van Sminiawei by Aldeboarn baarnde sneontejûn folslein ôf. Hy wie op dat momint op famyljebesite yn Mechelen. Op sosjale media fernaam er dat der by him yn de omkriten in pleats yn de brân stie. Doe't der foto's by kamen te stean, wist er dat it syn eigen pleats wie. 

"Ik fernaam dat de keallen en de hinnen der al út wiene en dat se de ponnys rinne litte hiene. As de stâlen mar stean bliuwe, dan kin ik trochgean mei buorkjen", tocht Veninga. En sa barde it ek. 

Stroom

 "It âlde gebou mei it wengedielte is no wol fuort. De muorren binne omlutsen. Der siet fjoer yn de byntwurken, dat dy moasten ek plat. De stal stiet noch. Jo moatte fierder. Mei de fersekering slagget it allegearre wol, mar de stroom is noch in probleem. ik haw no in needaggregaat. Der moat sa gau mooglik in nije oansluting komme mei konstante stroom. Dat kin wol fjirtjin dagen duorje, want alles moat opnij offisjeel oanfrege wurde." 

Trefwurden: 
brân Aldeboarn
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)