Húshâlding mei trije bern op kop yn sleat by Jelsum

26 des 2017 - 11:45

Op de Brédyk by Jelsum is op de moarn fan twadde krystdei in húshâlding mei trije bern op de kop yn de sleat neist de dyk bedarre. De helptsjinsten binne manmachtich oanwêzich. Der is ek in traumahelikopter by. De slachtoffers binne allegearre út de auto helle en mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Hoe't de auto yn de sleat bedarre is, wurdt noch útsocht. Mooglik is de auto mei de húshâlding tsjin in oare auto botst. De dyk is ôfsletten.

Trefwurden: 
auto te wetter Jelsum
(advertinsje)
(advertinsje)