Speurhûnen sykje op 'e nij nei Remon Bruinsma

26 des 2017 - 10:39

Frijwilligers fan de stichting Signi Speurhonden sykje tiisdei yn Ljouwert opnij nei de fermiste Remon Bruinsma. Esther van Neerbos fan de stichting nimt trije speurhûnen mei foar de syktocht. Se begjinne by De Harmonie te sykjen en dêrwei sille se mei in boatsje it wetter op. De stichting hat twa dûkers achter de hân. Mochten de hûnen in spoar fine, dan kinne de dûkers ûnder wetter sykje.

Remon ferdwûn tongersdeinacht fan 30 novimber op 1 desimber nei in jûntsje stappen. Sawol de plysje as frijwilligers binne al dy wiken nei him op syk. Kommende tongersdei, 28 desimber, sil der op 'e nij in groep frijwilligers op 'n paad om te sykjen mei speurhûnen. Minsken dy't meisykje wolle, kinne harren om 12.30 melde op it stasjon yn Ljouwert.

Kommende tongersdei, 28 desimber sil op 'e nij in groep frijwilligers op 'en paad om te sykjen mei speurhûnen. Minsken dy't meisykje wolle kinne harren om 12.30 melde op it stasjon yn Ljouwert.

UPDATE (18:25 oere): Oant no ta is Remon net fûn.

(advertinsje)
(advertinsje)