Fraksjefoarsitter GB Hearrenfean Ben Brouwer ferstoarn

26 des 2017 - 08:58
Ben Brouwer - Foto: www.gemeentebelangenheerenveen.nl

De fraksjefoarsitter Ben Brouwer fan Gemeentebelangen Heerenveen is moandei ferstoarn. Sân wiken lyn krige Brouwer it boadskip dat er slim siik wie. De eardere logistyk manager by de Loftmacht sette him binnen de fraksje benammen yn foar bestriding fan de earmoed. Neffens Gemeentebelangen soarge Brouwer foar in kollegiale sfear en wie it in man fan de dialooch, yn plak fan de hurde konfrontaasje. Yn in yn memoriam op harren webside skriuwt de fraksje: "We zijn bedroefd om de leegte die Ben achterlaat, maar we zijn dankbaar dat we met hem hebben mogen samenwerken."

Brouwer wenne yn Oranjewâld, wie troud, heit fan twa dochters en pake. Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean hat it yn in reaksje op Twitter oer in "grut ferlies.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)