Mei 100 kilometer yn 'e oere troch Drachten, rydbewiis kwyt

26 des 2017 - 08:22
Rydbewiis - Foto: ANP XTRA

It rydbewiis fan in frou is moandei troch de plysje yn beslach naam. De automobiliste ried mei 101 kilometer yn 'e oere oer de Suderhegewei yn Drachten, wylst dêr 50 kilometer it maksimum is.

Op de Eikensingel krige in brommerrider in bekeuring. De man sûnder fêst wenplak hie gjin rydbewiis.

In 61-jierrige man sûnder fêst wenplak waard yn de nacht fan moandei op tiisdei op De Lange West trappearre mei drank op achter it stjoer. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
plysje Drachten rydbewiis
(Advertinsje)
(Advertinsje)