Plysje Drachten drok mei stappers en losbrutsen ponnys

26 des 2017 - 08:18

Dronken stappers en losbrutsen ponnys hawwe de plysje yn Drachten yn de nacht fan moandei op tiisdei hannenfol wurk besoarge. De plysje moast meardere kearen optrede by rûzjes. Dêrneist moast de plysje twa kear útride foar stappers dy't net goed waarden, omdat se tefolle drank op hiene. Op de Skieding yn Surhústerfean moast de plysje losbrutsen ponnys yn feilichheid bringe.

De plysje siket noch nei twa jongeren, dy't yn de nacht útnaaid binne by in jeugdynstelling. De twa makken diel út fan in groep fan seis, fjouwer fan harren binne weromfûn op De Kaden yn Drachten.

Trefwurden: 
plysje Drachten
(advertinsje)
(advertinsje)