Mega-iel fan 60 pûn yn Waadsee fongen

25 des 2017 - 22:26

Yn de Waadsee is in iel fongen fan goed 30 kilo, oftewol 60 pûn. De fisk hie in gat yn it net fan it Wieringer fiskersskip WR106 fretten dêr't er mei boppe wetter helle waard. De skipper sette it ferhaal mei foto op twitter. "Een scene uit riviermonsters? Nee hoor, gewoon in onze Waddenzee", skriuwt er derby. Nei't der in foto makke is, is de mega-iel wer oerboard set.

De see-iel, eik wol kongeriel of 'conger conger' neamd, wurdt komselden yn Nederlânske wetters fongen. Hy libbet benammen yn de kustgebieten fan de Atlantyske oseaan en yn de Middellânske See. Grutte eksimplaren kinne wol 110 kilo en 3 meter lang wurde. Sa lang is it eksimplaar dat no fongen is yn de Waadsee net.  Yn trochsneed binne de mantsjes in meter lang en de wyfkes oardel meter.

Trefwurden: 
iel fisk
(advertinsje)
(advertinsje)