Snitser pizzeria biedt fergees pizza oan 'fanút it hert'

In fergees krystdiner foar elk dy't iensum is of dy't temin jild hat om yn in restaurant te iten. Dat oanbod die pizzeria Oase yn Snits op earste krystdei. Sabry Ebrahim hie syn saak oars altyd ticht op earste krystdei. Dit jier woe er wol iepen wêze, foar de gewoane gasten, mar ek foar minsken dy't it harren eins net permittearje kinne.
Smoardrok wie it der op earste krystdei jûns om 6 oere hinne noch net, al wiene de reaksjes fan de gasten dy't der gebrûk fan makken wol hertferwaamjend. Ebrahim is fan doel takom jier wer sa'n aksje te hâlden op earste krystdei.