Jozef en Maria fine sliepplak yn wrâldwinkel

25 des 2017 - 18:30

In pear tûzen minsken hawwe op krystjûn op It Hearrenfean by de grutte krystnachtfiering west. Foar de tolfde kear waard yn Sportstêd sa'n tsjinst hâlden. Dizze kear wie de útfiering ynspirearre op de EO-produksje The Passion. De pleatslike brassband Pro Rege fersoarge de muzikale begelieding en it Grut Hearrenfeansk Koar en soliste Mirjam de Groot de sang. Fierders wie der ek mienskipssang. 

Lykas yn The Passion waard it krystferhaal hjir ek ferteld yn filmsênes dy't yn it foar opnaam wiene yn it plak sels. Der wiene fiif filmsênes te sjen. Sa joech keizer Augustus yn Crackstate opdracht ta de folkstelling. En Jozef en Maria sochten op de Dracht nei in sliepplak. Dat fûnen se úteinlik net yn in stâl, mar yn in wrâldwinkel. It programma is te sjen op omropfryslan.nl. Nei ôfrin wie der foar elkenien poeiermolke en glühwein.

(advertinsje)
(advertinsje)