It jier fan wrâldfytsers Geart en Sytske

De krystdagen binne yn folle gong en de jierwiksel stiet wer foar de doar. Der is yn 2017 in soad bard rûnom yn de provinsje. Foar Omrop Fryslân reden om mei de krysttiid werom te sjen op it ôfrûne jier. Tiisdei, op twadde krystdei, dogge wy dat ûnder oare mei Geart Landman en Sytske Bron fan De Rottefalle. Op 21 maaie 2017 kamen se nei in fytstocht fan trije jier wer thús.
Geart en Sytske hawwe de wrâld trochkrúst fan Istanboel nei Azië en Australië en werom troch lannen as Kirgizië, Tadzjikistan en Iran. Op in skitterjende dei yn maaie stie in ûntfangstkomitee yn it eigen doarp harren op te wachtsjen. Gûlende minsken, in hiel soad omhelzings en blommen. It wie in bysûndere dei doe't de beide fytsters weromkamen. Sytske Bron stapt no, as se nei har wurk by it Revalidaasjesintrum Fryslân giet, net mear op 'e fyts. "Dat is my krekt wat te fier," laket se. Mar wat is fier, as jo de hiele wrâld oer fytst hawwe?
"It niks moatten is my goed bybleaun. Dat jo hielendal neat hoege. Dat is it belangrykste", fertelt Geart. "It begûn maklik: Earst Nederlân, doe nei Dútslân en dan Europa troch," seit Sytske. "Wy koene dêrmei oefenje foar it swierdere wurk. Wy hiene der sa'n fanatastysk moai waar by en it gie hiel goed. Dan giet dêrnei alles fansels."
"Uteinlik hawwe wy yn 36 lannen west," leit Geart út. "Dêrby besochten wy dochs ek altyd in bytsje de taal fan de lannen te learen. Iran fûnen wy it meast gastfrij. Dy minsken nûgje dy gewoan yn 'e hûs út. Op guon mominten wie it bytiden sels wat tefolle. Dy minske sjogge twa grutte blonde Europeanen en dan fine se dat hiel ynteressant," seit Sytske. "Jo sjogge dat de minske yn de basis hiel goed is. Wy hawwe safolle fan minsken krigen. Faak wie it iten, lykas bygelyks fruit. Mar we mochten ek wol gauris by minsken ite en sliepe.
"We moasten wol even omskeakelje, doe't we werom wiene," fertelt Geart. "We genieten fan it feit dat wy ús freonen en famylje wer om ús hinne hiene. Mar it wie ek wol wer hiel bot wennen. "Jo moatte net ferjitte dat wy der trije jier út west hawwe", follet Sytske oan.
Dochs wiene sels dy trije jier noch net genôch. Harren ambysje om de wrâld op de fyts te ferkennen is noch lang net oer. "Wy hawwe op dit stuit noch gjin plannen, mar wy wolle wis mear fan de wrâld sjen."