Auto rydt feart yn, bestjoerster kin der sels út klimme

25 des 2017 - 16:11

In frou is de moarn fan earste krystdei by Terwispel it wetter yn riden. Har auto rekke op de Dûker fan de dyk en kaam yn de Nije Feart telâne. In lyts part stuts noch boppe wetter út. De bestjoerster koe sels út de auto klimme en nei in hûs yn de buert rinne. Nei in waarme dûs en in kop tee is se nei hûs ta brocht.

De oarsaak fan it ûngelok is noch ûnbekend.

(advertinsje)
(advertinsje)