Cambuur mei lege hannen: Fred Grim folget Advocaat by Sparta

Fred Grim © ANP
Mooglik moat SC Cambuur wer op syk nei in nije trainer. Earder waard neamd dat de Ljouwerter fuotbalklup yn petear is mei Fred Grim (52) as mooglike opfolger fan de ûntsleine trainer Marinus Dijkhuizen. De nije technysk manager fan Cambuur, Foeke Booy, befêstige dat yn it Fox TV-programma 'De tafel fan Kees'.
Mar earste krystdei waard bekend dat Dick Advocaat de nije trainer fan Sparta Rotterdam wurdt. Neffens Sparta hat de 70-jierrige Advocaat in kontrakt tekene oan de ein fan dit seizoen ta. As assistinten wurde Fred Grim en Cor Pot neamd. By it Nederlânsk alvetal wie Grim ek al assistint fan Advocaat. Dus dat soe betsjutte dat Cambuur mei lege hannen stiet.