Jorrit Bergsma rydt nei Sven Kramer op OKT op 5000 meter

25 des 2017 - 15:02

Sven Kramer komt tiisdei, op de earste dei fan it Olympysk Kwalifikaasjetoernoai (OKT), yn de achtste en foarlêste race yn aksje op de 5.000 meter. De olympysk en wrâldkampioen op dit ûnderdiel nimt it yn Thialf op tsjin Erik Jan Kooiman, de nûmer trije begjin dit seizoen op de NK ôfstannen. Yn de lêste rit ferskynt Jorrit Bergsma yn de baan tsjin Marcel Bosker. De Boarnster hopet nei in teloarstellende earste seizoenshelte krekt op 'e tiid yn foarm te wêzen foar it OKT. Dêr wurde de olympyske tickets foar Pyeongchang 2018 ferdield.

De winner fan de 5.000 meter komt op it twadde plak yn de seleksjefolchoarder. De rider mei de twadde tiid komt op it tsiende plak en de nûmer trije nimt it fyftjinde en lêste plak yn. Maksimaal trije riders meie op de Spelen útkomme op de 5.000 meter.

Op de 1.000 meter nimt Marrit Leenstra it yn de tsiende en lêste rit op tsjin Ireen Wüst.

(advertinsje)
(advertinsje)