Lêste stimdei foar Fryske top 100, belje mei bekende Friezen

Noch in pear dagen, dan is it wer tiid foar de Fryske top 100. Hast noch net stimd? Gryp dan dyn kâns, want op dizze twadde krystdei is de lêste stimdei. In spesjaal belpanel, mei dêryn bekende Friezen, sit klear om jim top 5 fan Fryske nûmers op te skriuwen. Yn it belteam sitte ûnder oare Hilda Talsma, Jelle B, Folkert Wesseling, Piet Paulusma, Aafke Zuidersma, Botte Jellema, Gjalt de Jong en Afke Boven.
Femke de Walle en Jan Dirk de Haan presintearje it programma en Geert van Tuinen is as ferslachjouwer mei de Stimbus op 'en paad. Hy is by de meubelbûlevaar yn Snits. Fansels hoege jim neat te missen fan it spannende Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Thialf. Dêr folget Koos Wieling de prestaasjes fan de reedriders. It programma begjint om 13.00 oere en is live te folgjen op Omrop Fryslân radio, telefyzje en ynternet.
De Fryske top 100 stjoere we op âldjiersdei út, fan 13.00 oant 0.00 oere.