"Niet zoeken naar een breder ik, maar naar een groter wij"

25 des 2017 - 13:07

Kening Willem-Alexander hat yn syn krysttaspraak oproppen ta mienskipssin. Neffens him moatte minsken "niet zoeken naar een breder ik, maar naar een groter wij". It liket neffens de kening hieltyd dreger te wurden om elkoar yn it deistich libben te moetsjen. "De plaatsen waar heel uiteenlopende mensen elkaar van oudsher tegenkomen - kerk, kantoor, café, sportclub, school - verliezen die verbindende functie steeds meer. Misschien is alleen het ziekenhuis nog een plek waar je in contact komt met mensen met een andere achtergrond en levensstijl", sei er.

Nepnijs

De kening referearre ek oan nepnijs. "Het is vaak lastig feiten en verzinsels van elkaar te onderscheiden. Nuance en inlevingsvermogen lijken bij voorbaat het onderspit te delven en Twitter maakt het debat soms bitter." Neffens him kin hjirtroch wat essinsjeels ferlern gean. Willem-Alexander begûn de taspraak mei in weromblik op syn priveelibben. Hy waard dit jier fyftich en neamde it "een fantastisch geschenk" om dat mei in soad minsken te fieren. Ek wie der fertriet en gemis. Hy doelde op it ferstjerren fan syn skoanheit en hie it oer de ûntheistering op Sint-Maarten, Saba en Eustatius nei de orkaan.

(advertinsje)
(advertinsje)