​Doarpssupermerk Kollumersweach is beide krystdagen iepen

De supermerk fan Kollumersweach is earste en twadde krystdei iepen. Hast de folsleine famylje Van der Heide is dêr oan 'e slach: heit, mem en beide dochters. Se fine it hielendal net slim. "We fiere it gewoan hjir, we binne der mei syn allen" fertelt de dochter.
"Sûnt de simmer binne we sneins iepen en dat rint prima. Nei de klant is it dúdlik as je sizze kinne dat we no 365 dagen yn it jier iepen binne. Dus ek op earste krystdei en nijjiersdei," seit eigener Jan van der Heide. "Dan rinne we foarop, dat is ek wolris moai foar in doarpswinkel!" Kollumersweach leit op in pear kilometer fan De Westereen dêr't de winkels op snein ticht bliuwe moatte. "Dêr ha wy op dizze dagen in soad klandyzje fan," fertelt Van der Heide.
"Wy ha in eigen cateringbedriuw en ik moast noch wat dinkjes ha, ik fyn it geweldich dat de winkel iepen is," fertelt in klant. Klanten komme foaral foar broadsjes, stokbôle en gebak.