It jier fan Thijsje Oenema, âld-reedrydster

26 des 2017 - 10:00

De krystdagen binne yn folle gong en de jierwiksel stiet wer foar de doar. Der is yn 2017 in soad bard rûnom yn de provinsje. Foar Omrop Fryslân reden om mei de krysttiid werom te sjen op it ôfrûne jier. Tiisdei dogge wy dat ûnder mear mei Thijsje Oenema, âld-reedrydster fan De Jouwer.

"It giet hiel goed en dêr bin ik hiel bliid om. De kanker is net mear te finen op scans. Wol ha ik lêst fan bywurkingen, mar dy binne wol ûnder kontrôle te krijen." Thijsje Oenema wie slim siik, twa jier lyn krige se te hearren dat se in útsiedde melanoom hie. Dokters joegen har ien prosint kâns om te oerlibjen. Op ynternet fûn se in behanneling dy't allinnich yn it Antoni van Leeuwenhoek-sikehûs yn Amsterdam tapast wurdt: ymmúnterapy. De behanneling sloech oan en de kanker is oant no ta net mear te finen. Nettsjinsteande de bywurkingen fan de terapy, se is gau wurdich en hat somtiden lêst fan har gewrichten, kin se alles dwaan wat se wol. "It ôfrûne jier wie ik benammen dwaande om better en fitter te wurden. Myn lichem hat wol beheiningen."

"Moai dat ik wat weromdwaan kin"

Se krige in baan by Philips yn Eindhoven. Dêr is se mei ferantwurdlik foar de ferkeap fan medyske scanapparaten op de Afrikaanske merk. It is itselde apparaat as dat by har de sykte ûntdutsen hat. "Ik fyn it hiel moai dat ik wat weromdwaan kin om't ik sels safolle profyt hân ha fan de apparaten yn de sûnenssoarch. Ik lei yn dy scan en seach dat dy fan Philips wie, ik wist net dat dy ek sokke apparaten makke."

"Ik ryd noch wol" 

Har karriêre as topsporter is ferline tiid. "It leafst hie ik om de medaljes stride wollen op de Olympyske Spelen, spitich dat dat net mear kin." Op it iis stiet se noch wolris. Dan kin se maklik mei mei de âlde garde. Yn alle 'rêst' rûntsjes 38 ride. Mar lang folhâlde kin se dat net mear, net mear sa as it wie. Thijsje leit har der by del. "Ik ryd noch wol en ik bin bliid dat ik dêr noch wol plezier oan ha kin en der fan genietsje kin." Se libbet noch, se kin noch ride. En dat foarútsjoch hie se in oantal jierren lyn net mear. Dochs bliuwe dy mominten dat se op sprekoere komt spannend. Garânsjes dat de sykte net weromkomt, hat se net. "Yn myn achterholle wit ik dat it oars rinne kin, mar ik libje net mear fan scan nei scan." Mei de takomst is se noch net echt dwaande. Al doart se no wat mear foarút te plannen. "Ik bin my der mear bewust fan dat it moai is, dat ik gelok ha en wol alle dagen genietsje, it libben kin ommers samar oer wêze."

Trefwurden: 
Thijsje Oenema reedriden
(advertinsje)
(advertinsje)