It jier fan Nynke Stallinga, fan de ûnderwiisstakingen

De krystdagen binne yn folle gong en de jierwiksel stiet wer foar de doar. Der is yn 2017 in soad bard rûnom yn de provinsje. Foar Omrop Fryslân reden om mei de krysttiid werom te sjen op it ôfrûne jier. Moandei dogge wy dat ûnder mear mei Nynke Stallinga, regiokoördinator fan de stakende learkrêften yn it basisûnderwiis.
De hege wurkdruk en it salaris fan de masters en juffen wienen de belangrykste redenen om it wurk meardere kearen del te lizzen. Earst wie de manifestaasje yn juny, folge troch in brede staking yn septimber. Begjin desimber folge in nije stakingsdei. Mar leafst 45.000 fakminsken tekenen in petysje foar heger lean en hegere budzjetten. Den Haag moat wat oan de hege wurkdruk yn it ûnderwiis dwaan troch mear jild te jaan. De frou dy't yn Fryslân op de barrikaden klom, sit no net mear yn it ûnderwiis.
"Wurk is noait ôf"
Se waard koördinator omdat de 'de bom' yn 2017 barste yn it ûnderwiis. "It is goed dat út it ûnderwiis wei einlings it sinjaal kaam fan dat it genôch is, oars komt it op de kop ferkeard. As learkrêft wolst dyn wurk graach goed dwaan kinne sadat bern har ûntwikkelje kinne. No komme der hieltyd mear saken by en is dyn wurk echt noait ôf."
"Bern binne ús takomst"
By de lêste stakingsdei yn desimber wie Nynke Stallinga al gjin koördinator mear. Se hat nei tsien jier foar de klasse de kar makke om oan de slach te gean by Edukans. Se wurket no oan it ferbetterjen fan it ûnderwiis yn ûntwikkelingslannen. Stallinga tinkt dat de aksjes yn it ûnderwiis holpen hawwe, mar dat der yn 2018 noch in soad barre moat. "Ast wolst dat goede minsken ús bern helpe by de ûntwikkeling, dan moatst no ynvestearje. Bern binne toch it belangrykste dat der is? Se binne ús takomst!"