Laaien dak tsjerke yn Minnertsgea wurdt ferfongen

It dak fan de tsjerke yn Minnertsgea is in spesjaal dak fan laaien, en dat wie oan ferfanging ta. De tsjerke stiet dêrom yn de steigers. "Mei hurde wyn heardest de laaien op it dak gewoan klapperjen," fertelt Jan Pieter Jager dy't it projekt begeliedt. "Dat is aanst oer. De laaien dy't der op sieten, wienen folslein op. Se binne der nei de oarloch op lein, en dat woe doe minne kwaliteit. We ha in soad reparaasjes oan dit dak dien en it wie as karton, de laaien knapten dy gewoan ûnder de knibbels."
No komt der in skublaai op, in healrûne laai. "It giet fan grut nei lyts yn de nok, dan krijst in boartlik effekt en wat fariaasje yn it patroan." Troch it minne waar, stoarm en rein, hat it wurk wat fertraging oprûn. "It hie eins al klear wêze moatten, mar de planning is no twadde wike fan jannewaris."