Al mear as 14.000 euro foar VUmc ta neitins oan Dirk Baron

25 des 2017 - 09:45
Dirk en Dieke mei harren bern - Foto: Omrop Fryslân

Hast 600 minsken út hiel Nederlân hawwe de ôfrûne wiken jild stoart foar de donearaksje ta oantinken oan Omrop Fryslân-presintator Dirk Baron. De aksje foar it VUmc Alzheimercentrum hat yntusken mear as 14.000 euro opbrocht. Dirk Baron naam op 28 novimber op 37-jierrige leeftiid ôfskied fan it libben. Dirk hie, krekt as syn heit, de sykte fan Alzheimer. De sykte behearske syn libben hieltyd mear. Om foar te kommen dat syn bern konfrontearre wurde soene mei deselde traumatyske ûnderfiningen dy't er sels opdien hie mei syn eigen heit, wie it foar Dirk in logysk beslút om sels it momint fan ôfskied te bepalen. Hy soe net trochmeitsje wat syn heit oerkaam wie.

Aksje

Yn de lêste wiken fan syn libben hat Dirk besletten om in bydrage te leverjen oan it ûndersyk nei de sykte fan Alzheimer. It VUmc Alzheimercentrum is mei in grut team dwaande mei it ûndersyk nei de oarsaken fan Alzheimer. It giet dan ûnder oare om ûndersyk nei Alzheimer op jonge leeftiid en oare foarmen fan betide demintens. It beslút fan Dirk om sels mei te wurkjen oan dit ûndersyk kin der ta liede dat der ûntbrekkende puzelstikjes fûn wurde. Omdat foar dit ûndersyk in protte jild nedich is, hat Dirk syn famylje in spesjale jildynsammelaksje opset.

"Hielendal super"

De famylje is optein oer it grutte tal reaksjes. "Ik fyn it fantastysk dat der safolle minsken reagearje en ek wat dwaan wolle oan de sykte fan Alzheimer," seit Dieke Broersma, de frou fan Dirk. "It is it iennichste dat we noch dwaan koene en dat dat dan sa oanslacht by in protte minsken fine we hielendal super." Ek by it VUmc Alzheimercentrum binne se wiis mei it jild dat yntusken ynsammele is. Der kin noch fiif dagen jild stoart wurde foar de donearaksje.

(advertinsje)
(advertinsje)