Unrêstige krystjûn yn Ljouwert

© ANP
Yn Ljouwert hat de plysje in drokke sneintenacht hân. Om goed twa oere pakte de plysje twa 18-jierrige Ljouwerters op foar swiere mishanneling op it Reigerplein. Ien fan de fertochten hie in mes by him. In oere earder hie de plysje in 22-jierrige Ljouwerter oppakt dy't him net hâlde oan syn hoarekaferbod. Hy wie by in kafee op it Ruterskertier. Tsjin fjouweren trof de plysje in 18-jierrige Ljouwerter oan yn in kafee op it Ruterskertier dy't sân wikkels mei kokaïne by him hie.
Tsjin fiven waard in 22-jierrige Ljouwerter oanhâlden nei't er hieltyd mei in oar op de fûst gie. En ta beslút wienen der om seis oere hinne ferskate fjochtpartijen tusken in groep Ljouwerters en ynwenners fan Steenwijkerland. Ien man fan 19 jier út dy gemeente is oanhâlden.