Wetteroerlêst nei koperstellerij yn Ljouwert

25 des 2017 - 08:53

Troch koperstellerij kaam in gebou oan de Voltastrjitte yn Ljouwert snein fol wetter te stean. Ynbrekkers hiene oan de sydkant fan it gebou in rút fernield en dêrnei de koperen wetterliedingen út it pân sloopt. Dêrtroch kaam it hiele gebou fol wetter te stean. De brânwacht moast sa'n 800 kúb wetter fuortpompe.

It gebou wie earder fan netbehearder Liander en funksjonearre as stroomferdielstasjon. By it gebou wie noch in stroomoansluting yn wurking. Dy hat Liander ôfsletten. De plysje docht ûndersyk nei de koperstellerij.

(advertinsje)
(advertinsje)