Brânwacht útriden foar grutte brân yn Aldeboarn

24 des 2017 - 22:26

Meardere ienheden fan de brânwacht binne sneintejûn útriden foar in brân yn in pleats oan de Van Sminiawei yn Aldeboarn. De wenning is folslein ôfbaarnd. De stâl oan de achterkant fan it hûs koe troch de branwâcht beholden wurde. De brânwacht hat in tal hynders út de stâl rêde kinnen. 

Troch de fûle wyn wie it dreech om de brân te bestriden. Op it stuit fan de brân wie net ien thús. Dêrtroch waard it fjoer pas ûntdutsen doe't de flammen al út it dak kamen. By de brân is gjin asbest frijkaam. Hoe't de brân ûntstien is, is noch net bekend.

De dyk hat in skoft ôfsletten west foar al it ferkear. Earst melde de brânwacht dat de brân yn Haskerdiken wie, mar letter kaam der in korreksje dat it Aldeboarn wêze moast.

(advertinsje)
(advertinsje)