It jier fan skûtsjesilers Sytze en Harmen Brouwer

25 des 2017 - 14:00

De krystdagen binne yn folle gong en de jierwiksel stiet wer foar de doar. Der is yn 2017 in soad bard rûnom yn de provinsje. Foar Omrop Fryslân reden om mei de krysttiid werom te sjen op it ôfrûne jier. Moandei dogge wy dat ûnder mear mei skûtsjesilers Sytze en Harmen Brouwer.

Fjochtsjend tsjin de triennen docht Harmen Brouwer yn de simmer fan 2016 syn ferhaal. It rint foar gjin meter mei de Gerben van Manen, it skûtsje fan It Hearrenfean. It alfde plakje yn it einklassemint fan de SKS is fansels fier ûnder de maat. En dat docht sear. Want it skûtsje fan It Hearrenfean is it skûtsje fan de famylje Brouwer. Heit Pieter waard trije kear kampioen yn de njoggen jier dat hy skipper wie. As it dan net rint, soarget dat foar emoasjes by bemanningslid en soan Harmen.

Twadde plak

Hoe oars is dat in jier letter. Mei in glimk fan ear ta ear rint Harmen oer it dek. Mei de nije skipper, broer Sytze Brouwer, lit It Hearrenfean him wer sjen op it Fryske wetter. En hoe. Op de Iselmar by De Lemmer wurde twa dei-oerwinnings behelle en It Hearrenfean einiget op it twadde plak yn de SKS. De Gerben van Manen docht wer mei. "Eltse wedstriid gong it better yn it foarseizoen. Dan moatte je der earst efkes ynkomme en de senuwen de baas wurde. Op in gegeven momint krije je it troch. It pakte hartstikke best út. Dat wie foar ús fantastysk", fertelt Sytze oan de tafel yn syn hûs yn Oranjewâld.

As efkes letter broer Harmen oanskoot, kin hy neat oars as de kompliminten útsprekke foar Sytze. "Ik ha wol in pear kear tsjin him sein dat ik oergryslik grutsk op him bin. Dat wit er wol." En yndied wit Sytze dat: "It is moai om te hearren fan je broer. Mar, we dogge it fansels mei ús allen. Oh, dat is in klisjee." Dêrnei barste de beide bruorren yn laitsjen út. En dat bart middeis noch folle faker. Se hawwe der alle reden foar; it wie foar harren in geweldich jier.

''Minsken hawwe it der altyd oer''

No noch, midden yn de winter, wurde Sytze en Harmen oansprutsen oer harren skûtsjeprestaasjes. "Fan 'e wike wie der ek wer ien of oare keardel dy't sei: ''wat moai foar jimme''. Minsken hawwe it der altyd oer." En dat is wat se driuwt om it takom jier noch better te dwaan en in oanfal te dwaan op it earste plak yn it SKS-klassemint. Want as je twadde einigje dan is der mar ien manier om it better te dwaan: kampioen wurde.

Ek op persoanlik mêd wie 2017 foar beiden in moai jier. Sytze: "Ik haw in hoop leard. It wie in interessant jier. Op nei 2018. Hoopje dat it noch better wurdt." Harmen: "Ik ha in moai jier hân, myn 2017 wie best genôch. Ik ha in nij hûs kocht en bin troud mei de moaiste frou fan Brabân. Ja, dat sis ik ek allinne mar om't se hjir yn de keamer sit." Wêrnei't beide manlju foar de lêste kear dizze middei yn laitsjen útbarste.

(advertinsje)
(advertinsje)