It jier fan Jan Pesie, âld-direkteur fan BSB Staalbouw

25 des 2017 - 10:00

De krystdagen binne yn folle gong en de jierwiksel stiet wer foar de doar. Der is yn 2017 in soad bard rûnom yn de provinsje. Foar Omrop Fryslân reden om mei de krysttiid werom te sjen op it ôfrûne jier. Moandei dogge wy dat ûnder mear mei Jan Pesie, de âld-direkteur fan it fallite BSB Staalbouw.

Jan Pesie, in man dy't altyd wat om hannen ha moat, sit thús. Hy wie de baas fan BSB Staalbouw fan Burgum. It bedriuw gie ferline moanne fallyt. It wurk dêr't BSB by belutsen wie, waard in skoft stillein nei in deadlik ûngelok. De rekkens koenen net mear betelle wurde en dus moast Pesie it fallisemint oanfreegje. ''Een onnodig faillisement'', seit Pesie. ''Wat ook zeker niet had plaatsgevonden als het dodelijk ongeluk niet was gebeurd.''

Trochstart

It bedriuw makket no in trochstart. Pesie sels is der net mear by. Hy kin fluitsje nei syn eigen jild dat hy yn it bedriuw stutsen hie. Fia de ferkeap fan guon saken yn it bedriuw hopet Pesie noch wat fan syn sinten werom te sjen. Dat is net it slimste, sa seit hy sels. De dûker dy't by it projekt ferûngelokke krije je der net mei werom.

Dochs docht it him sear. BSB Staalbouw hat in soad stoarmen oerlibbe. Sa ek it brêgedrama yn Alphen aan de Rijn. ''Dat heeft ons eigenlijk maar weinig gekost'', neffens Pesie. ''Zowel op financieel gebied als imagoschade.'' Mar it fet wie fan de bonken. Der wie gjin jild mear. Der wie jild ferlern op in pear projekten. Ien fan de provinsje Fryslân, de brêge yn Frjentsjer. Pesie is noch hieltyd poerrazend op de provinsje. Dy wegeret mearkosten te beteljen wylst sels in ûnôfhinklik arbiter sein hat dat se ta de bûse moatte.

Nea wer foar de provinsje

Pesie wie sels safier dat as it bedriuw net fallyt gien wie en hy it oerdien hie oan syn opfolger, hy fêstlizze woe dat BSB nea wer in opdracht dwaan soe foar de provinsje Fryslân. Sa fier kaam it net. Hy moast de stekker der útlûke. Dat thússitten moatte je neffens Pesie ek net al te letterlik nimme. Hy is dwaande mei wurk oan it hûs dat ôf moat en mei it útbouwen fan syn nije bedriuw. Mei syn soan bout hy no rappe lúkse speedboaten. ''Ik ga weer aan de slag. Weer door, stoppen is nooit een optie.''

Trefwurden: 
Jan Pesie BSB Staalbouw
(advertinsje)
(advertinsje)