Driigjend tekoart oan 'spoedbloed' O-negatyf

26 des 2017 - 21:00

Der driget in tekoart oan bloedtype O-negatyf. En dat is no krekt it bloed dat by mooglike kalamiteiten mei âld en nij nedich is. Bloedbank Sanquin ropt dêrom minsken mei O-negatyf op om de kommende trije dagen noch bloed te jaan. Dat kin op de lokaasje fan de bloedbank yn Ljouwert. Ek by de bloedbank yn Drachten kinne donors dizze wike terjochte, mar allinnich op freed.

O-negatyf is in bloedtype dat brûkt wurdt as net bekend is hokker bloedtype in pasjint nedich hat. Dat bart benammen as der libbensbedriigjende situaasjes binne. It wurdt derom ek wol it 'spoedbloed' neamd. It is lykwols hiel seldsum. Sa'n sân persint fan de Friezen hat dit type bloed.

(advertinsje)
(advertinsje)