''Better op mekoar passe yn it iepenbiere libben''

24 des 2017 - 15:15

Minsken moatte better op mekoar passe by it útgean en yn it iepenbiere libben. Yvonne Bleize, direkteur fan Neushoorn yn Ljouwert en âld-wethâlder sei dat sneintemoarn yn Buro de Vries. Oanlieding foar har oprop is de fermissing fan Remon Bruinsma út De Westereen. De soan fan Yvonne Bleize wie twa jier ferlyn op stap en waard moarns betiid ûnderkuolle en drogearre yn de stêd fûn troch syn mem. It ferhaal fan Remon en benammen de track-and-trace op de telefoan dogge har dêr oan tinken. It liket bot op it ringedrach fan har soan dy nacht.

Doetiids hat se har bot drok makke oer de lakse hâlding fan de plysje yn de saak. Bleize fynt it frjemd dat der pas sa let op it spoar fan drugs sjoen wurdt, sa seit se op har Facebook-side. Twa jier lyn hie Yvonne Bleize in webside oanmakke mei de namme www.pasopelkaar.nl. Se hat dy webside yntusken wer online stean en wol mei Neushoorn ek wat mei #pasopelkaar dwaan. Hoe't se it oppakke sil, sil se de kommende tiid útwurkje. Wol ropt Bleize minsken op de #pasgoedopelkaar safolle mooglik te brûken.

(advertinsje)
(advertinsje)