SC Cambuur praat mei Fred Grim

24 des 2017 - 11:30

SC Cambuur is yn petear mei Fred Grim (52) as mooglike opfolger fan de ûntsleine trainer Marinus Dijkhuizen. De nije technysk manager fan Cambuur, Foeke Booy, hat dat befestige yn it Fox TV-programma 'De tafel fan Kees'. Booy praat mei Grim oer in kontrakt fan oardel jier, mei in opsje foar noch in jier. Nei it ûntslach fan Marinus Dijkhuizen waard Grim fuortendaliks al neamd as mooglike opfolger.

Cambuur hat Fred Grim alris earder benadere as trainer, mar doe wie hy noch yn tsjinst by de KNVB en dy woe him doe net gean litte. Fred Grim hat fan 1987 oant 1994 keeper west by Cambuur. Hy hat 288 wedstriden foar de Ljouwerter fuotbalklup spile. 

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur Fred Grim
(advertinsje)
(advertinsje)