Schylgeralân hâldt grutte simmerkamp-reüny yn 2018

24 des 2017 - 10:26

Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge organisearret takom simmer in grutte reüny, foar alle minsken dy't der earder op simmerkamp west ha. De folkshegeskoalle bestiet takom jier 70 jier. De reüny is ien fan de ûnderdielen fan de jubileumfestiviteiten. Al sûnt de oprjochting binne der simmerkampen op de Folkshegeskoalle. Meiïnoar ha der yn dy jierren wol sa'n trijetûzen minsken op kamp west.

Folkshegeskoalle Schylgeralân is de iennichst oerbleaune folkshegeskoalle fan Nederlân. Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden rûnom yn Nederlân folkshegeskoallen oprjochte. Minsken koene inoar dêr moetsje, de eigen kultuer en identiteit belibje en genietsje fan aktiviteiten. Yn de rin fan de tiid binne de folkshegeskoallen ien foar ien ferdwûn, mar Folkshegeskoalle Schylgeralân is der noch hieltyd. Jierliks komme dêr tûzenen minsken fan alle leeftiden foar kursussen en aktiviteiten. Fierders komme der alderhande organisaasjes, skoallen en groepen foar aktiviteiten en oernachtings. 

Bunkers
De Folkshegeskoalle is in bysûndere akkommodaasje, boud op fûneminten fan de Atlantikwall, bunkers út de Twadde Wrâldoarloch. Dy bunkers hawwe no in funksje as sliepkeamer of ytseal. Tusken de lytsere munysjebunkers yn de tún is yn 2017 in iepenloftteäter boud. De oare gebouwen fan de akkommodaasje binne ûntwurpen troch de bekende arsjitekt Gunnar Daan (1939-2016).

(advertinsje)
(advertinsje)